Dief oanholden yn Drachten

28 jun 2009 - 15:16

In 38-jierrige ynwenner fan Drachten is sneontemoarn oanholden by in tankstasjon oan de Suderhegewei yn Drachten op fertinking fan winkeldieverij. De man hie him by it tankstasjon ferfelend gedroegen.

Earst hie er fan in frou, dy't oan it tanken wie, de autosleutels easke. Dêrnei besocht er de beurs fan in foarbygonger op te easkjen. Doe't dit net slagge gong er it tankstasjon yn. Hjir pakte er samar in pakje sigaretten. Hy is oppakt en ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)