Dief oanhâlden yn Drachten

01 jul 2010 - 10:20

Yn Drachten is in man oanhâlden foar stellerij. Hy waard woansdeitemoarn betiid sjoen op de Zonnedauw mei in koffer mei ark. De tsjûge fûn dat nuver, want hy hie deselde man moandei ek al rinnen sjoen mei in nije gersmeanmasine. De tsjûge belle de plysje.

By it sjen fan 'e plysje naaide de man út, mar hy waard dochs oanhâlden. De man hat bekend dat er it guod stellen hat. Hy hie ek harddrugs by him. De plysje hat de man fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)