Dief lûkt frou tas út hannen

17 jul 2006 - 17:04

In 74-jierrige frou út Ljouwert is sneintemiddei fan har tas bestellen. It slachtoffer rûn op it Skuonmakkersperk yn it sintrum en krige ynienen in triuw fan in ûnbekende man. Dy woe har tas hawwe.

De frou pakte har tas stevich beet, mar de fertochte krige him dochs te pakken. By de wrakseling foel de frou. Sy rekke ferwûne oan 'e knibbel. Yn har tas siet wat lytsjild en in kaai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)