Dief lûdsynstallaasjes fêst

17 jan 2014 - 14:30

De plysje hat tiisdei in 31-jierrige Amsterdammer arrestearre foar it stellen fan lûdynstallaasjes by meardere hoarekasaken, wêrûnder in saak yn Ljouwert. De man rûn de saak yn op mominten dat der skjinmakke waard of hast gjin klanten mear wienen en naam audio-apparatuer mei. Dat barde mar leafst trije kear yn Rotterdam. In Rotterdamske wykplysje biet him fêst yn de saak en kaam de fertochte op it spoar. De man is ek fertochte foar stellerij yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)