Dief lit plysje bút sjen

23 aug 2007 - 11:13

In 37-jierrige ynwenner fan Ljouwert is woansdeitemiddei yn syn wenplak oanhâlden op fertinking fan stellerij út in winkel. De fertochte liet de plysje op it Saailân sûnder dat se dêrom frege hiene in tas mei skuon sjen. De maten fan 'e skuon kamen net oerien mei de skuonmaat fan 'e man sels.

Bliken die dat de fertochte de skuon earder dy middeis stellen hie yn in winkel oan de Foarstreek yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)