Dief hat spyt

17 jul 2008 - 10:21

In dief (48) út Amsterdam hat him tiisdei op it plysjeburo yn Drachten melden. Hy bekende dat er meardere iepenbiere gebouwen ynslûpt wie en dêrby beurzen stellen hie. It giet ûnder oare om bedriuwen, kantoaren, skoallen en it sikehûs fan Drachten.

Net fan alle stellerijen is oanjefte dien. De plysje freget slachtoffers dy't fan 1 juny ôf yn Drachten fan harren beurs bestellen binne, har te melden. De Amsterdammer hat mei elkoar hûnderten euro's bút makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)