Dief grypt neist it jild

03 jun 2011 - 11:25

In 19-jierrige ynwenner fan De Knipe is tongersdeitenacht hast berôve fan syn jild op It Hearrenfean. Hy hie jild helle by in pinautomaat op it gemeenteplein. Dêrnei die er it jild yn syn broeksbûse. In 48-jierrige man seach dat en besocht it jild út syn bûse te heljen. Dat slagge net.

De man út De Knipe fertelde wat der bard wie oan surveillearjende plysjes. Dy koene de man oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)