Dief fan felgen oanholden

30 sep 2008 - 10:22

De plysje hat moandei in man út Donkerbroek yn syn wenning oanholden foar stellerij fan felgen. De fertochte waard moarns tusken twa auto's sjoen troch in plysjeman dy't ûnderweis wie nei syn wurk. De man gedroech him opfallend.

Ut foarsoarch hat de plysjeman it kenteken fan de auto's fan de fertochte opskreaun. Nei ûndersyk die bliken dat de man yndie in tal felgen stellen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)