Dief bringt kompjûter werom

11 aug 2004 - 11:04

De laptop dy't sneon stellen waard by in kompjûterbedriuw yn Burgum is tiisdei troch de dief wer werombrocht. It giet om in 22-jierrige jonge út Snits. Hy melde himsels om't syn âlden him dat fregen.

Dy hiene him sjoen op bylden fan de befeiligingskamera. Dy bylden wiene yn de winkel te sjen, mar ek op Omrop Fryslân televyzje. De dief brocht earst de laptop werom en gie doe nei de plysje. Hy krige 600 euro boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)