Dief bleatfoto´s foar rjochter

17 mrt 2009 - 18:16
  • Manon Thomas

De man dy´t in 2007 bleatfoto´s fan Manon_Thomas op it ynternet sette, moat takom wike foar de Ljouwerter rjochtbank ferskine. Neffens justysje hat de man de foto´s krigen troch yn te brekken op it netwurk fan Thomas. De man, dy´t op It_Amelan wennet, fynt dat er neat ferkeards dien hat.

Neffens de fertochte hat hy de foto´s al yn 2005 fan it netwurk helle. Neffens him wie dat doe net strafber. De publikaasje soarge foar in soad opskuor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)