Dieders stellerij oanhâlden

17 aug 2007 - 14:02

De plysje hat woansdei yn Lippenhuzen twa fertochten oanhâlden foar it stellen fan de beurs fan in handikapte man, ôfrûne moandei yn Beetstersweach. In stel yn in iepen auto pakte doe de beurs fan it slachtoffer(61), neidat se him fregen om jild te wikseljen.

Nei tips fan tsjûgen waarden in man (29) fan Lippenhuzen en in ynwenster fan Utert(22) oanhâlden. Sy hiene de man bestellen fanwege jildkrapte. De fertochten hiene ek tefolle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)