Dieders opsykje yn finzenis

06 feb 2006 - 09:31

Slachtoffers fan in misdriuw kinne aanst de dieders opsykje yn de finzenis. Dat is alteast it plan fan de finzenebûnen. It giet om in proef fan in heal jier. De bûnen wolle slachtoffers en dieders by inoar bringe sadat beide partijen it ferwurkje kinne.

Boppedat kin by de moeting ek in eventuele skeafergoeding makliker regele wurde. Beide partijen moatte it sels wolle. Faak wolle slachtoffers net mear konfrontearre wurde mei de dieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)