Dieders mishanneling Snits socht

12 nov 2005 - 09:44

De plysje fan Snits is op syk nei in groep jonges fan tusken de 16 en 18 jier dy't ferline wike in 12-jierrich famke mishannele ha. It famke wie op de fyts ûnderweis nei skoalle, doe't op de Prins Hendrikkade in pear jonges njonken har kamen te fytsen.

Achter har hearde se ek in pear. De jonges seine dat se meifytse moast. Se skopten en sloegen har. It famke wist te ûntkommen. De plysje nimt de saak heech op en siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)