Dieder sjitpartij Bilgaardpassaazje noch net oanhâlden

07 jul 2015 - 15:21

De plysje hat de dieder fan de stjitpartij fan moandeitejûn yn Ljouwert noch net oanhâlden. Der binne wol in soad tips binnenkaam en de plysje hat in aardich idee nei wa't se sykje moatte, mar dit hat noch net laat ta in oanhâlding.

Moandei oan de begjin fan de jûn rekke in 16-jierrige jonge út Ljouwert ferwûne doe't er oan de Bilgaardpassaazje besketten waard. De dieder naaide út.

De plysje seit dat it alles op alles set om derfoar te soargjen dat de man sa gau as mooglik oppakt wurdt. De man is fjoerwapengefaarlik. As je de man sjogge dan kin je it bêste 112 belje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)