Dieder oanwize mei noch net

19 mrt 2012 - 12:46

Garaazjehâlder Johan Tuinstra fan Auto Synyco yn Frjentsjer is min te sprekken oer de wize hoe't de plysje de stellerij fan ien fan syn auto's ôfhannelet. Dy waard sneontemiddei by in proefrit meinaam troch twa manlju. Se lieten in stellen rydbewiis sjen en krigen de auto fan 15.000 euro mei. Nei in lange syktocht fûn de plysje de auto werom yn Alkmaar. Dêr is ien fertochte oanhâlden.

Tuinstra woe him snein oanwize as dieder, mar dat mei net fan de plysje. Hy kin de man allinnich oanwize as in smoelenboek opsteld is.

Der stean ek oare mooglike dieders yn. Tuinstra is benaud dat er oer in pear dagen net mear wit hoe't de dieder der útsjocht. Fan de plysje hat er wol tips krigen om it gesicht te ûnthâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)