Dieder foar deaslach feroardiele

29 jan 2003 - 00:00

De finzene dy't woansdei in meiwurkster fan De Marwei yn Ljouwert deastutsen hat komt út Joegoslavië. Hy siet fêst foar in besykjen ta deaslach. De rjochtbank yn Assen hie him feroardiele ta in finzenisstraf fan oardeljier mei tbs. De leeftyd fan de dieder is net bekend makke.

Finzenis De Marwei wol de identiteit fan it slachtoffer net jaan. Se wie troud en hie twa bern. Se wurke goed twa jier op de ôfdieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)