Dieder bommelding oppakt

18 mrt 2009 - 10:14
  • de falske bommelding joech in soad opskuor yn Wolvegea

De plysje hat in ynwenner (41) fan Wolvegea oppakt foar de falske bommelding dy't yn desimber in soad opskuor joech yn Wolvegea. De man belle mei it gemeentehûs en sei dat in bom ontploffe soe yn of by de bank oan de Pastorystrjitte. De plysje hat de omjouwing ôfset en de bank ûntromme. De syktocht nei de bom smiet neat op.

De plysje hat mei help fan tsjûgen en digitaal ûndersyk de beller achterhelje kinnen. De man hat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)