Dieder bekent skuld yn rapsong

18 aug 2004 - 16:03

Op ynternet sirkulearret in rapsong fan Awa(16), dy't fertocht wurdt fan it yn de brân stekken fan syn freondinne, ferline wike moandei. Yn it ferske sjongt de jonge hoe't hy de flesse mei terpentine pakte. De jonge woe nei alle gedachten syn freondinne straffe, omdat se op fakânsje in nije leafde fûn.

It 16-jierrige slachtoffer leit mei swiere brânwûnen yn it sikehûs yn Grins. Yn de rapsong fertelt de dieder dat it him spyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)