Dictaphone yn Bouhof

08 mrt 2004 - 00:00

It Berlynske muzykduo Dictaphone jout tongersdei in lunsjkonsert foar studinten en meiwurkers fan 'e NHL. Dictaphone is in projekt fan 'e Belch Oliver Doerell, dy't yn Berlyn wennet, en klarinettist/saksofoanist Roger Döring. It duo timmert ynternasjonaal oan 'e wei mei elektroanyske jazzmuzyk.

It konsert fan Dictaphone is ien fan 'e moanlikse lunsjkonserten yn 'e Bouhof en fergees tagonklik. Dictaphone spilet yn 'e kûle fan 'e Bouhof.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)