Dicky Windt-Broers riddere

24 nov 2012 - 17:58
  • Lintsje

De 64-jierrige Dicky Windt-Broers fan De Lemmer is sneon beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Frou Windt-Broers is riddere omdat se al 34 jier yn it spier is foar gymnastykferiening DOS op De Lemmer en al jierrenlang foar de KWF kankerbestriding. De jubilearjende gymnastykferiening DOS krige by de útrikking fan de ûnderskieding oan mefrou Dicky Windt-Broers de keninklike earepenning útrikt omdat de klup 100 jier bestiet. Dat barde allegear by de resepsje fan it 100-jierrich jubileumfeest fan de gymnastykferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)