Dichtles foar Fryske bern

18 nov 2005 - 17:25

Alle jierren mei in middelbere skoalle learling syn of har eigen gedicht foardrage by de 4 maaie betinking op de Dam yn Amsterdam. Dit jier is de ear oan in learling fan in Fryske skoalle.

Om de jongerein wat op gong te helpen binne dichters frege om workshops te jaan op skoallen yn Fryslân. De gedichten moatte gean oer it tema betinken. Tongersdei wie dichteres Diana Ozon te gast by 6 VWO op it Bogerman yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)