Dichters yn de Prinsetún

25 jul 2003 - 00:00

Ferskate dichters út Fryslân en Grinslân droegen tongersdeitejûn foar út har wurk yn de Ljouwerter Prinsetún. It festival 'Dichters in de Prinsentuin' wie organisearre troch de stiftingen Krag en Poëziemarathon.

Presintator wie Tsead Bruinja. Under oare Anne Feddema, Arjen Bakker, Elmar Kuiper en De Zoete Hanen en sjonger Daniël Dee kamen foar de mikrofoan. It festival is freed en sneon noch yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)