Dichters nei Skotlân

12 feb 2008 - 13:37

De Fryske dichters Elmar Kuiper en Tsead Bruinja gean begjin maart nei Skotlân. Se sille foardrage út eigen wurk op in ynternasjonaal poezijfestival yn Sint Andrews. Kuiper en Bruinja drage foar yn it Frysk.

Der wurdt in boekje presintearre mei oersettings fan 'e ferzen fan de foardragers en fan Albertina Soepboer, Abe de Vries, Anne Feddema en Cornelis van der Wal. It festival dêr't it om giet hjit Stanza Poetry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)