Diaz definityf nei SC Cambuur

29 maaie 2009 - 12:09

Oanfaller Kevin_Diaz spilet fan takom seizoen ôf foar SC_Cambuur. De Frânsman komt oer fan Eindhoven en sil in kontrakt foar twa jier tekenje. Hy moat noch wol in medyske keuring ûndergean.

Diaz wie tongersdei ek oanwêzich by de earste wedstriid yn de finale fan de play-offs tsjin Roda JC. Diaz is de sechsde fersterking foar takom jier. Leon Hese, Robert van Boxel, Dave Huymans, Oguzhan Türk en Rence van der Wal giene him foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)