Diana Monissen ferlit soarchfersekerder De Friesland

26 mrt 2015 - 11:31
  • Diana Monissen

Soarchfersekerder De Friesland ferliest syn bestjoersfoarsitter. De 59-jierrige Diana Monissen ferlit it Fryske fersekeringsbedriuw healwei juny fan dit jier. Dat hat it bedriuw tongersdei bekendmakke. Tongersdeitemoarn is ek it personiel ynljochte. Monissen wurdt bestjoersfoarsitter fan it Prinses Máxima Centrum foar berne-onkology yn Utrecht. Monissen har kar is persoanlik motivearre: se hie sels in beppesizzer mei kanker. Diana Monissen hat seis jier de heechste baas west fan De Friesland.

Yn dy tiid ferlear De Friesland syn selsstannichheid, troch in fúzje mei Achmea. Monissen wie de lêste jierren in protte yn it nijs, foaral doe't sikehûs De Sionsberg yn Dokkum fallyt gie. Monissen waard troch it blêd Opzij ferskate kearen útroppen ta de op-ien-nei machtichste frou yn de Nederlânske soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)