Dialyze no ek yn Kollum

15 jan 2009 - 16:39

Minsken út Noardeast-Fryslân dy't dialyze nedich hawwe hoege tenei net mear nei it sikehûs yn Ljouwert. Fan maaie ôf kinne se ek telâne yn it multyfunksjoneel sintrum Meckama State yn Kollum. It MCL Sikehûs set dêr seis dialyzeapparaten del. Dêrmei kinne se yn totaal 24 pasjinten helpe.

Troch no ek yn Kollum dialyze oan te bieden wurdt pasjinten in soad reistiid besparre. Trochstrings moatte se trije kear wyks behannele wurde en de behanneling duorret fjouwer oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)