DHL iepenet distribúsjesintrum

16 jun 2007 - 14:11
  • De hal fan it gloednije DHL-sintrum yn Drachten

De taname fan it tal pakketten sil it distribúsjesintrum DHL yn Drachten net folle banen opsmite. Dat ferwachtet direkteur Stremler fan it sintrum dat sneon iepengie. De ferwurking dêr giet hast folslein automatysk. Foldocht dat, dan nimme oare festigings it oer.

By DHL Drachten wurkje 170 minsken, ûnder oare fan 'e sletten festigings yn Ljouwert, Grins en Beilen. De pakketpost sil wol mear banen yn de besoarging opsmite, seit Stremler.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)