DFM yn petear oer besunigings

18 mrt 2014 - 23:06

De gemeente De Fryske Marren set de besuniging fan 7 miljoen euro troch, mar giet noch wol mei organisaasjes en ferienings yn petear oer de wize wêrop der besunige wurdt. Dat lêste yn opdracht fan de gemeenteried. De ôfrûne wiken kamen in soad protesten los fan pleatslike ferienings oer de koarting fan de gemeente.

Under oaren de pleatslik belangen, biblioteken, pjutteboartersplakken en muzykferienings kamen mei beswieren. De gemeente giet no yn oerlis mei al dizze partijen om te sjen wêr't noch wol op besunige wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)