DFM wol starters helpe

26 jun 2014 - 07:27

Gemeente De Fryske Marren wol ûndersykje oft sy de posysje fan starters op de wenningmerk ferbetterje kin. Dat stiet yn de nije wenningfisy fan de gemeente. Starters hawwe it benammen dreech om finansiering te krijen foar de oankeap fan in earste hûs. De gemeente wol no sjen oft se dêr wat op betinke kinne.

Fierder wol De Fryske Marren de kommende jierren de besteande wenten yn de gemeente duorsumer meitsje. Ek wurdt ynsetten op nijbou, benammen yn de trije gutte plakken: De Jouwer, De Lemmer en Balk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)