Deventer benaud foar rellen

30 apr 2010 - 12:42

De ûngeregeldheden yn oktober 2009 by de wedstriid fan Go Ahead Eagles tsjin Cambuur binne mei de oanlieding om foar de wedstriid fan 6 maaie tusken beide klups in needferoardening ôf te kundigjen. Dat seit boargemaster Andries Heidema fan Deventer. Yn oktober waarden bussen fan Cambuurfans mei stiennen bekûgele.

De needferoardening betsjut dat Cambuurfans sûnder kaartsje de stêd Deventer útset wurde kinne. Ek mei de plysje preventyf fûllearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)