Deutsche Bank nij yn Fryslân

31 maaie 2010 - 17:39
  • In nije namme yn Fryslân

Undernimmers dy't klant binne by de ABN AMRO krije tenei te krijen mei de namme Deutsche Bank. De saaklike ôfdieling fan de bank is ferkocht en hjit tenei Deutsche Bank.

De Deutsche Bank hat mei de oankeap 1200 Fryske klanten oernaam fan de ABN AMRO en rjochtet him benammen op it midden- en lytsbedriuw. It iennichste filiaal yn de provinsje sit no noch yn by de ABN Amro yn Ljouwert. Mar de bedoeling is om takom jier in eigen kantoar te iepenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)