Deurne kopt de Boys út beker

02 jun 2013 - 00:51

Harkemase Boys is der net yn slagge de heale finale fan de lanlike beker te heljen. Yn Noard-Brabân waard mei 1-0 ferlern fan Deurne. De sneinshaadklasser kaam nei alve minuten op foarsprong troch in kopbal fan Harm van der Steen. De Harkiten hienen wol folle mear balbesit, mar dat levere amper gefaar op. Deurne bleau frij maklik oerein. Yn de twadde helte wie der yn de 74e minuut read foar Klaas Schotanus. Mei tsien man krigen de Boys fia Jordy van Wijk flak foar tiid in grutte kâns op de lykmakker, mar dy foel net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)