Detmar wint portretwedstryd

14 nov 2013 - 18:13

Ella Detmar fan Gerkeskleaster hat de portretwedstryd Kening Willem-Alexander wûn. It staasjeportret dat sy skildere hat, komt yn de riedseal fan Achtkarspelen te hingjen. De wedstryd waard yn juny fan dit jier útskreaun en der binne troch 22 profesjonele en amateurskilders wurken ynbrocht.

Ella Detmar wûn ek noch 2500 euro. It skilderij is neiskildere fan in foto ôf en foldocht oan alle easken dy't de sjuery stelde. It skilderij moast goed lykje, it moast passe yn de riedseal en der moast goed en kreatyf skildere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)