Destiny fynt earste ljipaai fan de jeugd

16 mrt 2015 - 20:48
  • Marco van Spanning, Destiny van Spanning en Gosse Hofstra

Destiny van Spanning fan Boalsert hat snein it earste ljipaai fan de jeugd yn Fryslân fûn. De 9-jierrige aaisykster fûn it ljipaai sneintemiddei yn in greide by Burchwert. Se wie it fjild yn mei har heit Marco en broerke Djayden. Heit lit witte tige grutsk te wêzen op syn dochter.

In bestjoerslid fan de pleatslike fûgelwacht hat it aai kontrolearre. Gewoanwei soe Destiny it Sulveren Polske krigen hawwe foar har fynst, mar dat giet fanwege it ferbod op it meinimmen fan ljipaaien net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)