Designpriis foar rêchsek

22 jan 2010 - 16:54

De 17-jierrige Stella Groenewoud út Ljouwert hat de Philips jongeren Designpriis 2009 wûn. Dat is freed bekend makke op in byienkomst yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Groenewoud hat de priis wûn foar har ûntwerp de Dazzlebag. Dat is in rêchsek. Der sitte mar leafst trettjin ritsen yn.

Idee is dat it dan bygelyks dreger wurdt foar dieven om de beurs te stellen. Se witte net achter hokker rits dy sit. De sjuery fynt it idee orizjineel en fernijend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)