Derop út mei krysttiid

26 des 2011 - 17:35

De krystdagen soargje altyd foar drokte yn de provinsje. Nei it krystmiel of de tsjerketsjinst geane minsken der twadde krystdei op út. Tûzenen giene yn Ljouwert nei de rommelmerk yn it WTC.

Oaren diene in krystkuier, bygelyks yn Sint Nyk. Foar de achtste kear op rige kuieren mear as 1200 minsken dêr in rûte fan 6,5 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)