Derksen en Hernandez út Cambuur

20 mrt 2003 - 00:00

Dirk Jan Derksen en Ferdino Hernandez fan Cambuur binne tongersdei op de training nei hûs stjoerd. De foarsitter fan de Ljouwerter fuotbalklub sei dat se omsjen moatte nei in oare klub.

Cambuur wol mei jongere minsken fierder. De twa spilers, beide oer de tritich, hoege ek net mear op de trainingen te kommen. Oan de ein fan it seizoen soenen de kontrakten fan beiden ôfrinne. Bestjoer, direksje en trainer jouwe gjin kommentaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)