Derks nije direkteur Thialf

21 des 2011 - 12:46

Eelco Derks wurdt per 1 maart 2012 de nije direkteur fan Thialf. Hy folget Jarko Nieweg op dy't op 1 april ophâldt. De nije direkteur wurket ek as haad marketing en kommunikaasje fan Sportstêd Hearrenfean. Mei dy kombinaasje fan aktiviteiten krijt de gearwurking tusken Tialf en Sportstêd Hearrenfean konkrete ynfolling.

Derks hat profesjoneel basketballer west. Nei syn aktive sportkarriêre hat er wurke by de gemeente Rotterdam en by Omniworld yn Almere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)