Derek yn galop, dus gjin priis

01 sep 2013 - 17:03
  • Derek mei pikeur Arend de Wrede

Derek Buitenzorg hat snein by syn debút op de drafbaan yn Wolvegea net foar in stunt soarge. It hynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân wie ien fan de kânshawwers op de winst, mar begong nei sa'n 50 meter al te galoppearjen en dat betsjut dat in hynder net mear meidocht om de prizen.

Trainer Arend de Wrede wie wol teloarsteld, mar sjocht ek kânsen, omdat Derek de race fierder prima útrûn en ek genôch snelheid meitsje koe. Sneon 8 septimber is der wer in koers foar Derek Buitenzorg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)