Is Derek yn Easterein?

01 jan 2013 - 04:17
  • It spandoek yn it sintrum fan Easterein

Yn it sintrum fan Easterein is op âldjiersdei in hynsteboks ynrjochte foar it draafhynder Derek Buitenzorg. Derek ferdwûn in pear dagen lyn út de stâl yn Drachten dêr't er stie.

Yn Easterein wurdt grute dat de âldjiersploech fan dat doarp hjir mooglik mear fan wyt. Neffens de tekst op in spandoek yn it doarp sil it draafhynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân op nijjiersdei syn plak ynnimme yn de spesjaal ynrjochte hynsteboks. By it ferdwinen fan Derek waard al tocht oan in âldjiersstunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)