Derek wint hast earste koers

22 sep 2013 - 13:51
  • Derek mei pikeur Arend de Wrede

Derek Buitenzorg, it hynder dat troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân fan de slacht rêden waard, hat sneon syn earste jild fertsjinne. Yn in spannende race op de drafbaan fan Wolvegea waard Derek op de streep mei in noaslingte ferslein troch Chantal Blue. It ferskil wie mei it bleate each net te sjen en der moast in fotofinish oan te pas komme om de winner oan te wizen.

Derek finishte yn in knappe kilometertiid fan 1.17.8. Trainer en pikeur Arend de Wrede wie nei ôfrin hiel tefreden en ferwachtet dat der noch wol mear yn it hynder sit.

Derek fertsjinnet mei syn twadde plak in bedrach fan 350 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)