Derek nominearre foar priis

09 feb 2012 - 12:31

It projekt fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân mei it draafhynder Derek Buitenzorg is nominearre foar in NL Award. Dat is in jierlikse ûnderskieding fan de bêste produksjes fan de regionale omroppen. De nominaasje is yn de kategory crossmediale produksjes. De sportredaksje kocht in draafhynder. Dêromhinne is in searje reportaazjes makke, mei omtinken op radio, facebook en twitter.

Op 14 maart wurde de winners bekend makke. Der binne 27 radio- en tv- programma's nominearre yn ferskate kategoryen. De oerkoepeljende winner krijt 2500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)