Derek nei 4e plak op Duindigt

20 jul 2014 - 13:55
  • Derek mei pikeur Arend de Wrede
  • Derek nei de koers op Duindigt
  • Derek nei de koers op Duindigt

Derek Buitenzorg hat snein in knap fjirde plak helle by de koersen op Duindigt yn Wassenaar. In bus fol mei fans en donateurs wie meireizge nei Wassenaar. It hynder, dat in pear jier lyn troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân fan de slacht rêden is, foldie dêrmei oan de doelstelling fan syn trainer Arend de Wrede. Dy gie foar in plak by de earste fiif, foar dy plakken leit in jildpriis klear. Derek lei oant koart foar de finish noch tredde, mar einige úteinlik op it fjirde plak.

It wie it earste optreden fan Derek bûten de provinsje, oant no hat hy allinnich koersen op de drafbaan fan Wolvegea rûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)