Derek hat him kwalifisearre

22 jun 2013 - 17:50
  • Derek mei pikeur Arend de Wrede

Derek Buitenzorg, it draafhynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, hat him sneon op de draafbaan fan Wolvegea kwalifisearre. It wie de tredde kear dat Derek besocht om him te kwalifisearjen. Mei de nije pikeur Arend de Wrede slagge dit. Derek einige yn syn kwalifikaasjekoers as tredde en draafde rom ûnder de limyt dy't er rinne moast.

Pikeur De Wrede ferwachtet dat Derek Buitenzorg ynkoarten ek prizen pakke sil, want it hynder hat goeie snelheid, harket goed nei de pikeur en makket ek gjin flaters mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)