Derek draaft op Duindigt

17 jul 2014 - 12:03
  • Derek mei pikeur Arend de Wrede

Derek, it hynder fan Omrop Fryslân, draaft snein foar it earst bûten de provinsje, op Duindigt by Wassenaar. Trainer Arend de Wrede is de hiele wike al dwaande om Derek ta te rieden op dizze race. Neffens de trainer is it draafhynder yn topfoarm. Derek is no fjouwer jier en hat syn plafond noch net berikt neffens De Wrede. Hy is noch jong en hat in soad potinsje.

Fans fan Derek kinne mei nei de draverij. Om 10.00 oere giet de bus fuort, by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)