Derek Buitenzorg kin skoft net drave nei operaasje

08 nov 2015 - 17:18

Derek Buitenzorg is in pear moanne út de running. It draafhynder is operearre oan losse splinters yn it spronggewricht. It liket derop dat er better wurdt, mar it sil even duorje foardat hy wer drave kin.

Achternei sjoen is it miskien in lyts wûnder dat Derek de nedige prizen wûn hat yn de ôfrûne twa jier. It bist hat der wis flink lêst fan hân neffens behanneljend sjirurch Aart Schutrups fan bisteklinyk Wolvegea. Pikeur en trainer Arend de Wrede en Schutrups binne optimistysk oer de takomst fan Derek as hy wer hielendal better is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)