Derby De Jouwer en Hearrenfean einiget yn lykspul

04 okt 2015 - 16:26
  • De derby De Jouwer - Hearrenfean einige yn in lykspul

De Fryske derby yn de earste klasse tusken De Jouwer en Hearrenfean is snein einige yn in 1-1 lykspul. Jordy Kouwenhove iepene de skoare foar de Feansters al yn de 6e minút. Dat waard ek de rêststân. Yn de twadde helte moast De Jouwer mei 10 fierder nei in reade kaart foar oanfierder Sjoerd Jellema.

Ek Hearrenfean einige mei tsien man, nei't keeper Justin Dam yn ekstra tiid read krige. Nicky Sauer fersulvere de frij traap dy't folge en soarge sa foar in spektakulêre slotnoat.

Burgum pakte in punt út it 1-1 lykspul tsjin Nieuw Buinen. FVC rûn tsjin in soer 3-5 ferlies oan tsjin SVBO. Nei't it lang 3-3 stiet, gong SVBO der yn ekstra tiid mei de folle trije punten fan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)