Der wurdt wer oer praat: de misthoarn fan de Harnzer haven

26 maaie 2015 - 15:16
  • Misthoarn

De misthoarn yn de Harnzer haven stiet woansdei wer op de politike aginda. Dan sil troch de gemeente oer de hoarn praat wurde yn de kommisje. De hoarn is yntusken in ûnderwerp dêr't in soad oer praat wurdt.

Jierrenlang wie er in fêst lûd yn de haven, mar nei't er foar de safolste kear stikken gie, woe Rykswettersteat him net mear meitsje. De hoarn is achterhelle. Hjoeddeistige skippen hawwe allegear apparatuer oan board dy't it wurk fan de misthoarn oerstallich makket.

Guon Harnzers misse it karakteristike lûd. Oaren binne bliid dat it lûd net mear te hearren is. Se kinne no by mistich waar lekker trochsliepe. Ynkoarten moat de gemeenteried in beslút nimme oer de takomst fan de hoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)