'Der wurdt bekendmakke...' op WK

08 maaie 2003 - 00:00

De doarpsomropper fan Easterein docht in goai neit it WK Doarps- en Stedsomroppen yn Ingelân. Sybe van der Meulen reizget meikoarten ôf nei Newquay yn Cornwell. Hy hie it leafst syn ferhaal yn it Frysk dien, mar dy taal is offisjeel net tastien. It Nederlânsk is dat wol.

Sybe en frou Gryt nimme it yn Fryske klaaiinge op tsjin 150 oare omroppers út Ingelân, Nij-Seelân, België. De priis is 'foar it moaiste gehiel'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)