"Der moatte mear snelheidskontrôles komme"

06 feb 2015 - 14:08
  •  Snelheidskontrôle

Der moat yn Fryslân mear op snelheid kontrolearre wurde. Dat soe de feiligens op de Fryske diken bot ferbetterje. Dat seit deputearre Sietske Poepjes yn in reaksje op it lanlik rapport oer ferkearsfeiligens fan de SWOV en de ANWB. SWOV, it ûndersyksburo foar ferkearsfeiligens, hat ûndersyk dien nei hoe't it op it stuit giet mei de ferkearsfeiligens en kaam ta de konklúzje dat alle besteande doelstellings net helle wurde. Se pleitsje dêrom foar mear en hurdere maatregels sa as it ferplicht stellen fan in fytshelm en mear snelheidskontrôles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)